skip to Main Content

272 partoer; 816 keats(t)ers, en fansels de taskôgers. It wie drok op sportpark “oer it dok”.

Drok, mar o sa gesellich. Elts wie yn syn hum. Dat koe ek net oars fansels mei sok waar. It wie 18 septimber, mar at se sein hienen dat it 18 juli wie, hienen wy dat ek leaut. Ek dit jier dienen der wer in grut ferskaat oan keats(t)ers mei. Bern die krekt op’e grutte skoalle sitte, guon die letterlik ien kear yn’t jier keatse, en ek de haadklasse wie goed fertsjinwurdige. Sawol bij de hoanen as de hinnen. En dit makket it organisearjen fan dizze partij sa moai.

Wy, as organisaasje, kinne dan ek werom sjen op in prachtige en tige slagge dei. Mar op san dei kinne jo net sûnder frywilligers. Lâns dizze wei wolle wy eltsenien dy’t, op hokker wize dan ek, ús holpen hat om dizze dei tot in geweldige succes te meitsjen, tige tank sizze.

En wy sizze oant it folgjend KIPPETJEEEEE!!

De Ploech fan Tsien

Back To Top