Der binne titels yn allegear soarten en foarmen, Doctor, Doctorandus, Ingenieur esf. Mar al disse titels sizze us hielendal neat. Dit hat as reden dat wy sûnt 30-3-2016 sels in eare-titel krigen hawwe op e jierfergadering fan doarpsbelang Winsum.
Wy, de Ploech fan Tsien, binne tige GRUTSK dat wy us fanóf no “ridder yn ‘e oarder fan e Winsumer Spinpûde” neame meie. Wy bin út ‘e skroeven dat wy foardroegen binne hjirfoar en wolle hjirby de foardrager(s) betankje en fansels ek de takenningskommisje(wa dit ek weaze meie) tank sizze foar disse blyk fan wurdearring.
Wy befine us no yn in select selskip en sille disse titel mei eare drage.
De Ploech fan Tsien