skip to Main Content

De Ploech fan Tsien woe wer ris wat organisearje. En it moast wat oars as oars wêze, en dan komme je út op sjoelen. It idee lei al in pear jier op de planken, mar dit jier koe it earste WK-sjoelen dan einliks trochgean. Der wie in oprop dien foar it lienen fan sjoelbakken. Uteinlik koenen der 15 sjoelbakken delsetten wurde yn MFS De Helling.

Op sneon 21 jannewaris wie it safier. Fan 16.00 oere ôf wie it foar de organisaasje ek ôfwachtsjen hoefolle dielnimmers der komme soenen. Al gau die bliken dat in protte minsken wol nocht hienen yn in potsje sjoelen en, ek net ûnbelangryk, wol sin hienen yn in útstapke. Sawol jong as âld kamen manmachtich nei de Helling ta. In lytse 100 dielnimmers koenen tsjin in lytse fergoeding yn 2 rondes fan elk 3 beurten in skoare delsette. Op in grut skerm koe men sjen at men ek by de beste 16 siet. Want de 16 dielnimmers mei de heechste skoares kamen dan yn in knock-out fase. En sa stienen úteinlik Riemy Kingma, Nynke van der Weg, Berber Rob en Daniël Rob yn de heale finales. Riemy moast it opnimme tsjin Nynke, en Daniël woe net ferlieze fan syn suske Berber in de oare heale finale. Nynke wie krekt wat te sterk foar Riemy en wie sa de earste finalist. En wêr’t Daniël al bang foar wie, barde ek. Hy ferlear fan Berber, en sa kaam Berber ek yn de finale.

De finale wie foar elts te folgjen op it grutte skerm. Nynke hie in hege skoare, mar Berber liet sjen in tige betûfke sjoeler te wêzen. En sa waard Berber Rob de earste winner fan it WK-sjoelen. Sy mei de wikselpriis, makke troch Dries Posseth, in jier lang pronkje yn de keamer thús.

Ek by de bern in soad sjoelers. It docht bliken dat ek de jeugd dit in tige nijsgjierrich spultsje fynt. Hjir gong de winst, nei in spannende striid, nei Larissa van der Wolf. Sy hat no in jier de Gouden Sjoelbak thús stean. Twadde wie Fenna Rijpma en tredde Anouk Groen.

Dit jier sil der mei kryst grif yn in soad húshâldens de sjoelbak tefoarskyn komme, as tarieding op de twadde edysje fan it WK-sjoelen.

Utslach folwoeksenen:

1e Berber Rob

2e Nynke van der Weg

3e Riemy Kingma

3e Daniël Rob

 

Utslach bern:

1e Larissa van der Wolf

2e Fenna Rijpma

3e Anouk Groen

 

Back To Top