Nieuws

Opjefte Wylde Kippetjesparty 2017 iepen fanôf oankommende freed 20:00 oere

Opjefte Wylde Kippetjesparty 2017 iepen fanôf oankommende freed 20:00 oere

organisatie

25 juli 2017

No comments

De opjefte fan de oansteande Wylde Kippetjesparty (17 septimber 9:00oere) giet oansteande freed (28 juli) om 20:00 oere iepen op us webside www.deploechfantsien.nl 

Under it kopke “Kippetjespartij” komt dan “Opgave Kippetjespartij 2017”.

 De earste 128 partoeren by de hoannen en 64 partoeren by de hintsjes kinne dit jier mei dwaan. Wannear de opjeftelimiet yn ien fan beide klassen berikt is, slút disse automatysk. hjirnei is opjefte dus net meer mooglik.
Wy, de Ploech fan Tsien, fine it nog steeds tige spitich dat wy dit beslút dit jier nimme moasten, mar tinke wol dat we in goeie kar makke ha. It hie oars wolris finaal út e klauw rinne kinnen. Ferline jier hiene we ommers it rekordoantal fan 272 partoer (816 keats(t)ers) en wa wit hiene dat dit jier noch folle mear wurden. Dit rekord sille wy dus dit jier net ferbrekke.
Mar, dit háld net ien dat wy ús minder ynspanne sille om der wer in tige slagge dei fan te meitsjen. De plannen hjirfoar krije (faaks nei it nuttigjen fan in pear fleskes bier) alwer aardich foarm en we tinke dat we ek dit jier wer wat origineels betocht hawwe. Neffens ús is it nammentlik sa dat it noch nea tidens in keatsparty sjoen is dat der in……

Foar dy jinge dy’t it slagge is him op te jaan, lokwinske, jim binne der by dit jier. Tink derom dat elts partoer dit jier drekt om 9:00oere oanwezich is. We wolle nammentlik dit jier alles en iederien, yn ien kear los ha.
Wy hawwe der alwer sin oan!! Jim ek??

De Ploech fan Tsien.

Comments are closed.