skip to Main Content

Achte keatsleafhawwers,

Wy, de Ploech fan Tsien, hawwe it ofrúne healjier drege fergaderingen hán oer de oankommende Wylde Kippetjesparty. Hoe sa drege fergaderingen soene je sizze, it wie dochs tige slagge ferline jier? Dat is ek sa, en dat wolle wy ek graach sa hálde.
Ofrúne jier hiene wy 272 partoer op ‘e list. 272!!!! partoer. Mear as 800 keatsers hiene it paad nei Winsum fûn en it wie in aldermachtist moaie dei. Mar we hiene dan ek net te klaaien oer it waar ferline jier. It wie krekt simmer, 27 graden en in strakblauwe loft. Gelokkich al, oars hiene we in hiel grut probleem hán. It is nammentlik sa, dat wy al dy 800 keatsers by min waar gjin ûnderdak biede kinne en dus ha wy de leste fergadering it folgende (dreeche) beslút nommen: Wy stelle in maksimum yn. WAT???? Ja, wy stelle in maksimum oantal partoeren yn. Sa’t wy al seine, it is in dreech beslút. We hawwe der lang tsjinoan skiitskoarre, mar binne uteinlyks dochs fan miening dat dit de béste kar is. Oars geane we miskien ten ûnder oan ús eigen sukses en dat wolle wy foarkomme.

Wat hàld dit no ien?????
Oankommende jier sille wy de opjefte op 28 juli, 20:00 oere iepen gooie. At it maximale oantal partoeren berikt is, sil opjefte dernei net mear mooglik weaze. It maximale oantal partoeren by de manlju sil 128 weaze en by de froulju 64. Opjefte sil allinnich mooglik weaze fia us webside. Alle partoeren dy’t sich op in oare wieze harren oanmelde, komme dus net op ‘e list.

De Wylde Kippetjeparty sil dit jier ferkeatst wurde op snein 17 septimber en der sille dus partoeren weaze dy’t net mei dwaan kinne, mar helaas. Wa at earst komt…….

Back To Top