skip to Main Content

Wat is der in wurk fersetten juster!!!! De fjilden binne lein troch in pear enthousiaste ploech-leden en in hánfol frywillegers. It gers is meant troch de firma Frankena. De ferbining tusken keatsfjild en Wylde Scharrelfjild is makke mei it te plak lizzen fan it ponton. De boekjes mei listen binne drukt troch Juniorproductions. De 129 tassen mei prizen binne fult troch Coop Tolsma. De trochgong nei it ponton is opskjinne troch in únbekende. De kleden hingje wer rúnom op it fjild om de ballen tsjin te halden. De Helling stiet klear foar it untfangen fan 651 keatsers. It wylde scharrelfjild wurd fan é middei at it droech genoch is noch efkes rólle en meant en de leste puntsjes matte noch efkes op é I, mar wy bin der hast wol klear foar. Wy ha der sin oan!!!!

Sjoch foar foto’s under it kopke “foto’s, Wylde Kippetjespartij 2015”.

Back To Top